19/11/2023
Sa, eindelik wér es wat nijs yn myn blommehokje....
Novimber hat drok en hectisch west i.f.m in "baanwissel".
Yn oktober ha ik noch wat leuke projektsjes hân. Ik mocht de blomstikken🌿 en korsaazjes🌹 fersoarchje fan in jubileum konsert, noch speciaal rouwwurk🌺 hân, in workshop dien foar it goeie doel "World Servants " en noch wat moaie hjerstikken meitsje kint. 🍂🍃
Mar no noch mar in pear wike en we binne December. De moanne fan gesellichheid en ljochtsjes.
Ik ha al fan alles by de gruthandel helle en nije wike komt ek it grien wér yn myn hokje.
Der bin al in pear bestellingen binnen foar de kryst mar der kin fansels altyd mear by. Wol jim dat ik iets foar jim meitsje, in krâns, in stik of in toef, of wat dan ek mar.....As op jim eigen skaal, pot of krâns, bring mar en dan meitsje ik die foar jim op.
App as skilje my en ik gean foar jim oan de slach!!!!
Ek sil ik sa no en dan hjir wat stikken en foto's opsette die ik yn de ferkeap ha.
Wa wit oant gau....🌲🎅⭐️