Mearke Winsum

Mearke Winsum Mearke Winsum bestiet sûnt 2008. Elts jier wurdt der in mearke opfierd foar de basisskoallebern! 🤩 Spilers komme mei namme út de waadhoeke en de greidhoeke.
(44)

Toanielferiening Advendo út Winsum hat yn 2008 de trie wer oppakt fan de tradysjonele Sinteklazemearkes yn de eardere gemeente Littenseradiel. Eartiids waarden dy spile troch learkrêften foar de skoallebern. Oan dizze tradysje wie troch omstannichheden yn 1994 in ein kaam. Advendo hat in nagelnije tradysje foarmjûn, mei âlde mearkes ferpakt yn in hjoeddeiske foarm. Hja spilen al langer mei de geda

chte om wer in mearke op priemmen te setten, en mei de komst fan it nije Multifunksjonele Sintrum De Helling - en dêrtroch in skitterjende lokaasje hjirfoar - is dit ta útfiering kaam. Sy hoege net mear wurksem te wêzen yn it ûnderwiis. Foarnaamste fernijings binne de moderne, flot skreaune mearkes, faaks bewurkings fan âlde mearkes of berneboeken, en it gebrûk meitsen fan nijerwetse, technyske middels. Jierliks komme der om en nabij de 2300 besikers nei Mearke Winsum ta! �

Liuwehert – Mearke Winsum 2023“Do oerwinst dysels, kinst safolle mear dan ast tinkst...” Sa wurdt songen yn it slotliet ...
23/12/2023

Liuwehert – Mearke Winsum 2023

“Do oerwinst dysels, kinst safolle mear dan ast tinkst...” Sa wurdt songen yn it slotliet fan it mearke. In moaie gearfetting fan de les dy't yn it ferhaal, oer de bruorrenleafde tusken Krommel en Jonathan, oan it publyk oerbrocht wurdt.

Ferhaal.
In fertelling wêryn it publyk de bruorren kennen leart as twa hiel ferskillende persoanen. De ien syklik en eangstich, de oare sterk en moedich. Beide komme nei harren dea yn Nangiala telânne, wêr't hja ûntdekke dat der in dúdlik ferskil is tusken de 'kersedelling' en de 'brombeidelling'. Yn it earste gebiet is it fleurich en moai, yn it oare gebiet terrorisearret de kwea-aardige Tengil de boel, tegearre mei har draak Katla.

Wie it earst Jonathan dy't syn broerke út in brân rêde troch mei him op syn rêch út it rút te springen, oan de ein hat de deabenaude Krommel al syn moed en hope by inoar garre om syn eangst te oerwinnen en syn ferwûne rekke grutte broer op de rêch te nimmen en de sprong yn de ôfgrûn te weagjen.... “Ik doar it net, mar ik wol it wol!”, sa seit hy noch.

Údagings.
Om dit ferhaal sa goed mooglik oer it fuotljocht te bringen wiene der ferskate útdagings. Sa moasten der yn koarte tiid in soad ferskillende lokaasjes en sitewaasje dúdlik makke wurde: útstrekte gersfjilden, in hege wetterfal, in tsjustere grot, mar ek in brân, in spannend swurdgefjocht, ûnderierdske gongen. Foar de dekôrbouwers (en -skilders) in skitterend putsje. Ûndertusken wie de technyk drok dwaande de wetterfal écht streame te litten mei écht wetter (mei de nedige kopsoargen oer in lekkende opfangbak), waard der in konstruksje betocht om in do écht troch de seal fleane litte te kinnen en tagelikertiid wiene de spilers drok mei de rol, de sang en de dûns.

Foarstellings.
En dan, as ek alle omballings – fan rekwisiten oan't klean, fan sealyndieling oan't grime, fan kaartferkeap oan't ranja skinke – regele binne kin de spylwike útein sette. In wike lang wille fan en foar de spilers foar mar leafst tritich skoallen út hiel Fryslân en nochris fiif iepenbiere foarstellings. Sân dagen, alve foarstellings, fjouwerentweintichhûndert besikers én talleaze kearen de namme “Hubert” troch de seal roppen (ofwol troch ús publyksleaveling sels ofwol troch de 'fans'). Grutte tank oan alle frijwilligers, ferantwurdlik foar it 'liuwendiel' fan al it wurk foar en efter de skermen,en hiel graach oan't yn 2024! HV.

📸: Klaas Tolsma

Best 9 2023! 👍🏻👍🏻Alfêst in goed en mearke-eftich 2024 tawinske! 🤩
23/12/2023

Best 9 2023! 👍🏻👍🏻

Alfêst in goed en mearke-eftich 2024 tawinske! 🤩

Liuwehert, Mearke Winsum 2023! 🏹📸 Fotoklaas: Klaas Tolsma 🤩
06/12/2023

Liuwehert, Mearke Winsum 2023! 🏹

📸 Fotoklaas: Klaas Tolsma 🤩

Krommel!Fotoklaas 📸:Yn koarten mear!
05/12/2023

Krommel!

Fotoklaas 📸:

Yn koarten mear!

04/12/2023

Lyts muzikaal weromblikje! 🎶🐴 🎵

04/12/2023

"Do oerwinst dysels, kinst safolle mear dan ast tinkst. Do oerwinst dysels, want it is de eangst dy'st oerwinst!" ❤️‍🔥🕺🕺💃🏼💃🏼🕺💃🏼💃🏼🕺💃🏼

De lêste kans om Liuwehert (nochris) te sjen! 🤩Moarnier, snein, 11:00 oere, ekstra foarstelling! 🏹Kaarten fia ús webstek...
02/12/2023

De lêste kans om Liuwehert (nochris) te sjen! 🤩

Moarnier, snein, 11:00 oere, ekstra foarstelling! 🏹

Kaarten fia ús webstek of fia Gerrit en Sietske! 🗡
0517-341344!

Attinsje‼️
01/12/2023

Attinsje‼️

It wie gesellich én spannend yn Nagiala ôfrûne dagen! 🗡Moarn en freed binne der noch skoallefoarstellings, dêrnei noch m...
29/11/2023

It wie gesellich én spannend yn Nagiala ôfrûne dagen! 🗡

Moarn en freed binne der noch skoallefoarstellings, dêrnei noch mar leafst fjouwer iepenbiere foarstellings! 😍

Komme jim ek?! 🐻

📸:

Noch gjin kaartsjes? 🤔Der is noch beheind romte, sneontejûn en sneintemoarn! 🤩Sjoch link yn bio! ☝🏼 📸:                  ...
28/11/2023

Noch gjin kaartsjes? 🤔

Der is noch beheind romte, sneontejûn en sneintemoarn! 🤩

Sjoch link yn bio! ☝🏼



📸:

De kop fan de skoallefoarstellings is derôf! 🏹Njoggen skoallen seagen hjoed 𝕷𝖎𝖚𝖜𝖊𝖍𝖊𝖗𝖙! 🪭Op nei moarn! 💪🏼📸:              ...
28/11/2023

De kop fan de skoallefoarstellings is derôf! 🏹

Njoggen skoallen seagen hjoed 𝕷𝖎𝖚𝖜𝖊𝖍𝖊𝖗𝖙! 🪭

Op nei moarn! 💪🏼

📸:

Yes! 💪🏼De fonken fleagen derôf by de premjêre juster! 🤩Wy meitsje ús op foar de skoallefoarstellings kommende wike! 😍📸: ...
27/11/2023

Yes! 💪🏼De fonken fleagen derôf by de premjêre juster! 🤩

Wy meitsje ús op foar de skoallefoarstellings kommende wike! 😍

📸:

Even foarstelle! 🎭📸: Tolsma
26/11/2023

Even foarstelle! 🎭

📸: Tolsma

25/11/2023

Mearke Winsum yn Op en út, Omrop Fryslân fan'e moarn! 🤩

Moarn: Mearke Winsum yn petear mei Roelof Lousma en Tet Rozendal! Op en út, Omrop Fryslân radio, om 11:30 oere hinne! 🤩
24/11/2023

Moarn: Mearke Winsum yn petear mei Roelof Lousma en Tet Rozendal!

Op en út, Omrop Fryslân radio, om 11:30 oere hinne! 🤩

Puzzeltje! 😁Wie is wie? Wie herkent onze spelers aan hun nekharen of oorlelletjes? 😜P.S.: niet stiekem op onze Instagram...
24/11/2023

Puzzeltje! 😁

Wie is wie? Wie herkent onze spelers aan hun nekharen of oorlelletjes? 😜

P.S.: niet stiekem op onze Instagram pagina kijken! 😉

📸: Tolsma

Op e Skille fan hjoed! 🤩
22/11/2023

Op e Skille fan hjoed! 🤩

Van Wad Tot Stad fan hjoed! 🤩
22/11/2023

Van Wad Tot Stad fan hjoed! 🤩

Wy binne der hást klear foar! 🤩Yn koarten in foarstelrûntsje! 🫡
18/11/2023

Wy binne der hást klear foar! 🤩

Yn koarten in foarstelrûntsje! 🫡

15 jier Mearke Winsum! 🥳Komme jim ek mei ús dit tredde lustrum fieren? 🎭De kaartferkeap is al útein set! 🤩
08/11/2023

15 jier Mearke Winsum! 🥳

Komme jim ek mei ús dit tredde lustrum fieren? 🎭

De kaartferkeap is al útein set! 🤩

SOCHT! 🧐In grutte houten tonne of wynfet, hat ien miskien noch sa'n tonne stean?🛢It leafst ien dy't sa heech is dat der ...
02/11/2023

SOCHT! 🧐

In grutte houten tonne of wynfet, hat ien miskien noch sa'n tonne stean?🛢

It leafst ien dy't sa heech is dat der op leund wurde kin, sa heech as in tafel ûngefear.

Diele is leaf! 😘

𝕃𝕚𝕦𝕨𝕖𝕙𝕖𝕣𝕥 - 𝕞𝕖𝕒𝕣𝕜𝕖 𝕎𝕚𝕟𝕤𝕦𝕞 𝟚𝟘𝟚𝟛ᴛsɪᴇɴᴊɪᴇʀʀɪɢᴇ ᴋᴀʀʟ ɪs sɪɪᴋ, sʟɪᴍ sɪɪᴋ. ʜʏ ᴋɪɴ ɴᴇᴛ ʙᴏᴀʀᴛsᴊᴇ ʟʏᴋᴀs ᴏᴀʀᴇ ᴛsɪᴇɴᴊɪᴇʀʀɪɢᴇ ᴊᴏɴᴋᴊᴇ...
24/10/2023

𝕃𝕚𝕦𝕨𝕖𝕙𝕖𝕣𝕥 - 𝕞𝕖𝕒𝕣𝕜𝕖 𝕎𝕚𝕟𝕤𝕦𝕞 𝟚𝟘𝟚𝟛

ᴛsɪᴇɴᴊɪᴇʀʀɪɢᴇ ᴋᴀʀʟ ɪs sɪɪᴋ, sʟɪᴍ sɪɪᴋ. ʜʏ ᴋɪɴ ɴᴇᴛ ʙᴏᴀʀᴛsᴊᴇ ʟʏᴋᴀs ᴏᴀʀᴇ ᴛsɪᴇɴᴊɪᴇʀʀɪɢᴇ ᴊᴏɴᴋᴊᴇs ᴅᴀᴛ ᴋɪɴɴᴇ, ᴡᴀɴᴛ ʜʏ ᴍᴏᴀᴛ ᴅᴇ ʜɪᴇʟᴇ ᴅᴇɪ ᴋᴜᴄʜᴇʟᴊᴇ. ɪɴ ʟᴀɴɢ ʟɪʙʙᴇɴ ɪs ʜɪᴍ ɴᴇᴛ ᴊûɴ. ‘ᴍᴀʀ ᴅᴀᴛ ɪs ɴᴇᴛ sʟɪᴍ,’ sᴇɪᴛ sʏɴ ʙʀᴏᴇʀ ᴊᴏɴᴀᴛᴀɴ. ‘ᴡᴀɴᴛ ɴᴇɪ ᴅɪᴛ ʟɪʙʙᴇɴ ɢɪᴇsᴛ ɴᴇɪ ɴᴀɴɢɪᴀʟᴀ, ɪᴛ ʟâɴ ғᴀɴ ᴍᴇᴀʀᴋᴇs, ᴋᴀᴍᴘғᴊᴏᴇʀᴇɴ ᴇɴ ᴀᴠᴇɴᴛᴏᴇʀ. ᴡᴀᴛ ᴇғᴛᴇʀ ʙʟɪᴜᴡᴛ ɪs ᴅʏɴ sᴋʏʟ.’

ᴍᴀʀ ᴛʀᴏᴄʜ ɪɴ ʙʀâɴ ɢɪᴇᴛ ɴᴇᴛ ᴋᴀʀʟ, ᴍᴀʀ sʏɴ ʙʀᴏᴇʀ ᴊᴏɴᴀᴛᴀɴ ᴀs ᴇᴀʀsᴛᴇ ɴᴇɪ ɴᴀɴɢɪᴀʟᴀ. ‘ɪᴋ sɪʟ ᴏᴘ ᴅʏ ᴡᴀᴄʜᴛsᴊᴇ,’ sᴇɪᴛ ᴇʀ. ᴍᴀʀ ᴀs ᴇᴋ ᴋᴀʀʟ ʏɴ ɴᴀɴɢɪᴀʟᴀ ᴋᴏᴍᴛ, ɪs ᴅᴇʀ ᴡᴀᴛ ɴᴜᴠᴇʀs ᴏᴀɴ'ᴇ ʜâɴ. ᴅᴇʀ ɪs sᴛʀɪɪᴅ!

ᴡêʀᴏᴍ ʙɪɴɴᴇ ɴᴇᴛ ᴀʟʟᴇ ᴍɪɴsᴋᴇɴ ʙʟɪɪᴅ? ᴇɴ ᴡᴀ ɪs ᴛᴇɴɢɪʟ? ᴇɴ ᴡᴀᴛ ɪs ᴅᴇ ʀᴏʟ ғᴀɴ ᴊᴏɴᴀᴛᴀɴ ʏɴ ᴅʏ sᴛʀɪɪᴅ?

ɪᴛ ғᴇʀʜᴀᴀʟ ғᴀɴ ᴅᴇ ʙʀᴜᴏʀʀᴇɴ ʟɪᴜᴡᴇʜᴇʀᴛ ɴɪᴍᴛ ᴊɪᴍᴍᴇ ᴍᴇɪ ɴᴇɪ ᴅᴇ ᴍᴀɢʏsᴋᴇ ᴡʀâʟᴅ ɴᴀɴɢɪᴀʟᴀ ᴇɴ ғᴇʀᴛᴇʟᴛ ɪᴛ ғᴇʀʜᴀᴀʟ ᴏᴇʀ sᴛʀɪɪᴅ, ʙᴇᴛʀᴏᴜᴡᴇɴ ᴇɴ ɪᴛ ᴏᴇʀᴡɪɴɴᴇɴ ғᴀɴ ᴇᴀɴɢsᴛᴇɴ. 🫶🏼 💪🏼

Foaroankundiging fan Mearke Winsum 2023 yn Op e Skille! 🤩Komme jim ek (wer)? 😍
13/10/2023

Foaroankundiging fan Mearke Winsum 2023 yn Op e Skille! 🤩

Komme jim ek (wer)? 😍

13/07/2023

Wa haw wy dêr? 😎

27/05/2023

OPROP!!!!
Foar it kommende Mearke yn Winsum sykje wy entûsjaste bouwers!!! De bouwploech fan no binne al tige knasse knarren (se stean hun mantsje wol hear) mar kinne wol wat help brûke.

Wy binne op syn nei bouwers dy't it leuk fine om yn 3 wike it decôr fan it Mearke del te setten. Wy sykje minsken foar oerdei (faaks pensioenado's) en minsken foar jûns. Yn in lyts skoftke wat prachtichs meitsje! Dat is elts jier wer in hiele útdaging!

Wy sykje manlju en froulju!

Dus wolle jimme helpe! Hiel graach!
Nim dan efkes kontakt op mei Ronald van der Veer @ [email protected]

Fan in grutte útdaging nei in grut súkses (weromblik NijsDok desimber 2022) 🎩Ôfrûne novimber mochten 30 skoallen en yn t...
23/12/2022

Fan in grutte útdaging nei in grut súkses (weromblik NijsDok desimber 2022) 🎩

Ôfrûne novimber mochten 30 skoallen en yn totaal hast 2500 besikers genietsje fan it mearke fan 2022: De Grutte Showman. In bewurking fan de Amerikaanske musicalfilm The Greatest Showman.

Sa'n oardel jier lyn begûn de tarieding al doe't Ronald van der Veer syn each falle liet op dit spektakelstik. Wer hiel wat oars as tradysjonele mearkes lykas Ronja de rôversdochter (it mearke fan 2018) of in bewurke berneboek sa as Matilde en De Lytse Kaptein (2019 & 2021). Mar de oertsjûging wie der dat dit helber wêze moast, al soe it in útdaging wêze: de film moast bewurke wurde ta teaterstik, der soene frij drege sangpartijen songen wurde moatte, der soe in soad show en dûns yn sitte moatte, en wa soe dy grutte showman spylje moatte?

Sa begûn Ronald in skript te skriuwen en waard der in soad hinne en wer maild tusken skriuwer en regy, sels op harren fakânsjeadres! Âlde mearkerotten waarden wer frege en der waard nij talint socht. Sa as faker burd, eh bard, waard der fiske út de fivers fan bygelyks it berneiepenloftspul, de oplieding Artiest Theater fan it Friesland College en de musicaloplieding MUZT yn Snits. Tusken noas en lippen troch, earne op in jûn nei wat bierkes op de merke, frege Ronald syn buorman Jan de Haan foar de haadrol. En hoewol't hy even neitinke moast wie der tige entûsjast en sei gelokkich 'ja'.

En doe waard der rippetearre. In soad rippetearre. Want it wie net neat: spylje, sjonge, dûnsje, ferskate serieuzere mominten, mar ek de grap en de grol. Alle kleuren fan it palet moasten brûkt wurde. Gelokkich wie Siebo dêr foar de help by de goreografy en it mist net dat in soad spilers yn harren Spotify jieroersjoch op syn minst A Million Dreams, Never Enough en This Is Me stean haw.

Ek de bou-, klaai- en schminkploech hie de hannen wer fol mei it fantastysk dekôr fan seis meter yn de hichte, de prachtige kostuums en de ferskate plaksnorren, burden en clownsmake-up. As dan sa earne yn novimber ek de tribune yn de seal komt te stean kinne jo De Helling net wer werom en is it in smûk teater wurden wêr't in dikke wike lang mearkefoarstellings hâlden wurde kinne.

Acht fan de tsien foarstellings al útferkocht foar de premjêre, in ekstra (ek al snel útferkochte) foarstelling op sneintemoarn, rigen bern foar de doar, liters ranja (en bier), net te tellen oantal streekjes konfetti út de loft en alle kearen in daverjend applaus foar al it krewearjen én it úteinike einresultaat op de planken! De grutte showman is mei reden in grutske showman te neamen!

Sjoch foar mear kykjes op www.mearke.nl of op ús Facebook en Instagram!

HV

"Dit wie de grutte show!" 🎉Tige tank foar jim kommen! En: oan't yn 2023! 🤩                                              ...
28/11/2022

"Dit wie de grutte show!" 🎉

Tige tank foar jim kommen! En: oan't yn 2023! 🤩

Fin.

28/11/2022

Adres

MFC De Helling, Skâns 12
Winsum
8831XS

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Mearke Winsum nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Contact

Stuur een bericht naar Mearke Winsum:

Video's

Delen

Mearke Winsum sûnt 2008

Mearke Winsum gie fierder wêr't it Sinteklazemearke Weidum ea stoppe.

Oan’t 1994 wie it in tradysje om yn Weidum, mei de masters en juffen fan de basisskoallen, in mearke op de planken te bringen. Doe't dit troch omstannichheden ophâlde wie it even stil, mar toanielferiening Advendo Winsum hat dit wer op’e nij oppikt yn 2008. Dit kear ûnder de namme Mearke Winsum en fansels mei de moderne mooglikheden fan dizze tiid. Elts jier, tidens de Sinteklaastiid yn MFC De Helling.

Ûndertusken is it mearke útgroeid ta in prachtich evenemint, foar jong en âld, wêr't elts jier mear as 2500 besikers op ôf komme, út alle wynrjochtings fan de provinsje!

Hawwe jo fragen, of wolle jo mear witte? Dit binne ús kontaktgegevens:

Evenementenplanning in de buurt


Andere Evenementenlocatie in Winsum

Alles Zien